Rjochtsaak oer Vaatstradeiboek

Maaike Terpstra, de mem fan Marianne Vaatstra, stapt op 'e nij nei de rjochter om de publikaasje fan har deiboek te ferbieden. Diskear wol in man út Súdlaren parten fan it deiboek op syn webside sette, sûnder tastimming fan frou Terpstra. De saak wurdt freed behannele by de rjochtbank yn Assen, sa lit Terpstra's advokaat Yehudi Moszkowicz wite.
Earder wûn mem Vaatstra al in fergelykbere saak tsjin publisist Wim Dankbaar.