Undersyk nei Finnbogason
De oankleier betelle fuotbal stelt in foarûndersyk yn nei it gedrach fan SC Hearrenfean oanfaller Alfred Finnbogason. De Yslanner soe foar it begjin fan de wedstryd fan syn klup mei Cambuur fan ôfrûne snein in earmbeweging makke ha yn de rjochting fan it publyk.
Oan Finnbogason en SC Hearrenfean is no om in ferklearring frege.