Karmerk studintekeamer útsteld

It slagget de gemeente Ljouwert net om noch foar de simmer mei in karmerk foar feilige studintekeamers te kommen. Ljouwert hie novimber 2013 oankundige sa gau mooglik mei sa'n kwaliteitskontrôle te kommen nei oanlieding fan de grutte brân op 19 oktober op de Kelders. By dy brân kaam in studint om it libben.
It tal studintewenten is lykwols sa grut dat de gemeente op dit stuit ûnfoldwaande middels hat foar de kontrôle op en it hanthavenjen fan in feiligenskarmerk foar studintekeamers.