It tilt op fan de stienmurden

28 jan 2014 - 12:15

It tal stienmurden yn Fryslân hat noch nea sa heech west. Dat seit saakkundige John Melis fan de sûchbistewurkgroep Fryslân. De steenmarter, sa't it bist yn it Nederlânsk hjit, sit no rûnom yn Fryslân. It swiertepunt leit yn de Wâlden omdat de bisten fanút it easten Fryslân ynlûke. De minsk en de stienmurd moatte noch wol oan inoar wenne, want it giet regelmjittich mis.

Neffens Melis is it dreech om mei krekte sifers te kommen oer it tal stienmurden yn Fryslân.

De stienmurden dy't earder mei in spesjale ûntheffing fuortjaagd binne fan de Ljouwerter fleanbasis hawwe mooglik oar ûnderdak fûn. Yn Luniastate by Marsum en oan de râne fan de basis binne ynienen spoaren fûn fan in stienmurd. Der lizze oeral fearren fan fûgels dy't opfretten binne en der leit in soad stront op de souder fan de pleats.

Oft it echt giet om in stienmurd fan de fleanbasis is net te bewizen, mar it is wol hiel tafallich. Neffens de stifting dy't de buorkerij foar definsje beheart, jout de stienmurd no gjin problemen. Yn de skuorre wurde foaral karavans stalt.

Trefwurden: 
stienmurd
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)