Jonge oanhâlden foar gniisgas

28 jan 2014 - 12:10

In jonge (15) fan Toppenhuzen is oanholden foar de hannel yn stikstofpatroanen mei skoalgenoaten. De plysje hat twahûndert patroanen fan dit gniisgas yn beslach nommen. Se kamen de jonge op it spoar neidat de fertochte it gas mei in klasgenoat brûkte. Tsjûgen seagen dit en bellen de plysje. Tsjin de jonge út Toppenhuzen is proses-ferbaal opmakke.

De plysje warskôget foar it gefaar fan gniisgas (lachgas). Sa kinne by ynname de mûle en luchtwegen befrieze en kin de gebrûker út de tiid reitsje.

It yn it besit hawwen fan stikstofpatroanen is strafber yn Nederlân. Gniisgas wurdt ornaris brûkt as ferdôvingsmiddel by operaasjes of by de toskedokter.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)