Sloop op Kelders set útein

De sloop fan de pannen dy't op 19 oktober ferlern giene by de brân op de Kelders yn Ljouwert wurde fan tiisdei ôf sloopt. Dat sil mei alle foarsichtigheid barre. De pannen hawwe slim te lijen hân fan de brân. De muorren binne kwetsber en net stabyl. De gebouwen wurde fan boppe ôf ûntmantele.
Tiisdeitemoarn betiid begûnen de tariedings. De slooplokaasje waard om te begjinnen goed ôfset mei stekken om sa de oerlêst foar de omwenjenden en de winkels yn de omjouwing safolle mooglik te beheinen.