iPad stellen yn Snits

28 jan 2014 - 10:38

By in wenningynbraak oan de Atalanta yn Snits binne ôfrûne wykein in iPad en in fototastel stellen. It is noch net dúdlik op hokfoar wize de dieder of dieders de wenning ynkommen binne.

Op It Hearrenfean is in laptop stellen út in wente oan de Surinamesingel. Ek hjir is noch net dúdlik hoe't de dieven der ynkommen binne. Yn beide gefallen is oanjefte dien.

Trefwurden: 
Snits ynbraak iPad
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)