Knegt wol by finale wrâldbeker

Sjinkie Knegt © EPA
Sjinkie Knegt docht dit wykein wol mei oan it finalewykein fan it wrâldbekersirkwy shorttrack. De regearjend Europeesk kampioen hat kâns op earemetaal yn Dordrecht. De Bantegeaster rekke ferline wike by de wrâldbekerwedstriid yn Moskou noch blessearre oan de achterholle.
Op de iisbaan fan Weidum wurdt snein it offisjele Fryske kampioenskip shorttrack hâlden. De echte Fryske cracks sa as Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma, Itzhak de Laat en Rianne de Vries dogge hjir net oan mei. Sy komme yn aksje by de finale fan de wrâldbeker yn Dordrecht. De wedstriden yn Weidum begjinne om 11.00 oere en duorje oant ûngefear 14.00 oere.