CNV: stake gjin ynfloed op WW

Stakings tsjin de sluting fan in bedriuw meie gjin gefolgen hawwe foar de hichte fan de WW-útkearing fan de wurknimmers. Dêr striidt it fakbûn CNV foar. Moandei hat it bûn Twadde-Keamerleden fersocht dat oan te passen.
De direkte oanlieding fan it fersyk is de sluting fan fangrailfabryk Prins Dokkum. Dêr driigje de eks-meiwurkers in legere útkearing te krijen, om't se lang staakt hawwe.