Boalsert wol swimbad behâlde

Boalserters wolle graach oan de slach foar it swimbad. As it bad dêrmei behâlden wurde kin, binne genôch minsken ree om frijwilligerswurk te dwaan. Dat is de útkomst fan in enkête ûnder de Boalserters.
Aksjefierders binne al in skoft oan it besjen oft der ek alternativen mooglik binne om it swimbad iepen te hâlden. It gemeentebestjoer wol it slute om sa 370.000 euro te besparjen.