Griene flaggen foar Nordwin

© Omrop Fryslân
It Nordwin College krijt foar alle VMBO-lokaasjes in griene flagge fan it VN-programma EcoSchools. It duorsumensprojekt rint op mear as 10.000 skoallen yn fyftich lannen. Binnen it EcoSchools binne tsien tema's dêr't in skoalle mei oan de slach kin, lykas it ferminderjen fan ôffal, mear grien op skoalle of sûner iten.
Op it Nordwin binne op alle fjouwer VMBO-lokaasjes EcoTeams aktyf. Dêr sitte learlingen, konsjerzjes, dosinten en de direkteur yn. Se betinke nije duorsume ideeën foar it Nordwin College.