Minder muskusrotten fongen
It tal fongen muskusrotten is hurd ôfnaam yn Fryslân. Neffens Wetterskip Fryslân is dat in goede ûntwikkeling, want dat betsjut de populaasje ûnder kontrôle is. It Wetterskip fangt de bisten, om't se skea tabringe oan wetterkearings en oan diken.
Ferline jier binne yn Fryslân 4500 muskusrotten fongen. Lanlik wienen dat 96.825.