Wer maklike winst Jong H'fean

Foarsitter Johan van Tuinen fan sakeklup OSSH op de nijjiersresepsje © Martin de Jong
Jong Hearrenfean hat ek de twadde wedstriid nei de winterstop mei gemak wûn. Op it keunstgers fan Sportpark Skoatterwâld waard de nûmer lêst Jong Volendam mei 5-1 ferslein. Daniel Geissler, Samir Fazli en Szabolcs Varga soagen foar de Feanster produksje foar it skoft. Benammen de aksje fan Varga by de 2-0 fan Fazli en de poeier van Varga sels makken yndruk. Nei it skoft waard it 5-0 troch Daley Sinkgraven mei in moaie lob en Uche Nwofor. Krekt foar de ein rêde Volendam de eare. Jong Hearrenfean stiet tredde, 3 punten achter Grins en Heracles.