Mear toeristen nei Fryslân
Fryslân hat ferline jier mear toeristen lutsen. Dat docht bliken út ûndersyk fan Beleef Friesland. Yn totaal brochten 1,4 miljoen minsken in besite oan ús provinsje, 4% mear as in jier earder.
Benammen it tal bûtenlânske toeristen is bot tanaam yn Fryslân: 23% mear Dútske besikers en 10% mear Belgen. Dy lêste groep is goed te sprekken oer de twatalichheid fan Fryslân. Wol bliuwe toeristen minder lang yn Fryslân. It tal oernachtings gong omleech mei 5%.
Posityf is neffens Beleef Friesland wol wer dat de minsken dy't hjir in dei komme, mear jild besteegje. Dêrom koe Fryslân yn 2013 rekenje op in taname fan de ynkomsten.