Sloop Kelders begjint tiisdei

© Omrop Fryslân, Andries Bakker
Tiisdei begjint de sloop fan de twa 'brângebouwen' oan de Kelders yn Ljouwert. Yn oktober ferline jier giene de gebouwen ferlern toch in grutte brân. Der wurdt sloopt oant de earste ferdjipping. Alderearst moat noch wat asbest ferwidere wurde. De sloop duorret nei alle gedachten sa'n fjouwer wiken.
Sloopbedriuw Van der Wal fan De Jouwer soe eins moandei al mei de sloop úteinsette, mar der moasten noch ferskate maatregels nommen wurde om de feiligens fan de wurklju te garandearjen. Dêrom is it wurk mei in dei útsteld.