Ultimatum foar Essentra

© Google Maps
Fakbûn CNV hat keunststoffabrikant Essentra Extrusion yn Bûtenpost in ultimatum jûn. As der tongersdeitemiddei om 12 oere gjin goeie CAO leit komme der aksjes. Hokker aksjes dat binne, wurdt noch besjoen. Direksje en meiwurkers fan it eardere Enitor hawwe in skeel oer de leansferheging. It personiel freget 3 persint, de direksje wol net fierder gean as 1,8 %. Ek wol de direksje de âldereindagen ôfskaffe. De bûnen fine dat ûnakseptabel.
Direkteur Schootstra neamt 1,8 persint in goed bod. Neffens him is it mear as op oare plakken bean wurdt.
Schootstra seit op dit stuit drok dwaande te wêzen mei plannen om it fabryk út te wreidzjen. Dat smyt ekstra wurkgelegenheid op. Krekt dêr soe it fakbûn ek each foar hawwe moatte, sa seit direkteur Schootstra fan Essentra Extrusion.