Gearwurking waadgidsopliedings

27 jan 2014 - 15:11

Acht waadrinorganisaasjes ha inoar fûn as it giet om it fersoargjen fan in oplieding foar waadgidsen. Oant no ta diene sy dat apart op acht ferskate lokaasjes, mar dat feroaret en dat is goed foar de feiligens, seit foarsitter Sytze Bouma fan Wadloopcentrum Fryslân. Ek kostet it minder tiid en enerzjy. It giet foarearst allinnich om it teoretyske part fan de oplieding. De acht organisaasjes bliuwe sels ferantwurdlik foar de praktyktraining.

Dit jier wurdt brûkt om ien en oar ta te rieden. Yn 2015 sil de mienskiplik oanpak úteinsette.

Trefwurden: 
waadrinne waadgids opliedings
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)