Fúzje fan Ziggo en UPC

27 jan 2014 - 14:26

Kabeleksploitanten Ziggo en UPC sille fusearje. It Amerikaanske memmebedriuw fan UPC hat moandei in bod dien op Ziggo. De kabelbedriuwen betsjinje hast 7 miljoen húshâldens yn Nederlân, sa'n 90% fan it totaal. Dochs ferwachtet it bedriuw dat konkurrinsjewaakhûn Autoriteit Consument en Markt tastimming jaan sil foar de fúzje.

Klanten fan UPC en Ziggo fernimme op koarte termyn neat fan de fúzje, allinnich feroaret foar UPC-klanten de namme, omdat alles Ziggo wurdt. De fúzje sil wol banen kostje. Twongen ûntslaggen wurde net útsletten.

Hoefolle banen krekt ferdwine sille is noch net bekend.

Trefwurden: 
Ziggo Fúzje UPC
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)