Ferienings moatte kommersjeler

Fryske sportferienings moatte kommersjeler tinke om bestean bliuwe te kinnen. Dy oprop docht Sport Fryslân. Guon ferienings hawwe te krijen mei weromrinnende ynkomsten. Trochdat der minder yn de kantine útjûn wurdt, leden opsizze of sponsoren de kontrakten net ferlinge.
Ferienings moatte dêrom kreativer wêze om bestean bliuwe te kinnen. Ut in nij ûndersyk docht bliken dat guon sportferienings der yn 2013 fierder op efterút gien binne. Ferienings moatte ek mear gearwurkje, seit Saakje Mulder fan Sport Fryslân.
Yn Feanwâlden wurde yn it ramp fan it projekt 'Sportdoarp' ekstra sportaktiviteiten opset foar de ynwenners troch de sportferienings. Dy oanpak liket goed te wurkjen.