De Oeletoeters spuitsje wer

It konfettykanon fan Karnavalsferiening De Oeletoeters yn Snits mei dit jier wer spuitsje. Ferline jier woe de gemeente Súdwest-Fryslân noch dat de Oeletoeters 14.000 euro betellen foar it oprêden fan 'e papiersnippers. Dêrom spuite it kanon net en wiene der protestbuorden op 'e konfettywein. Dit jier mei it kanon wol wer spuitsje, mar net yn alle strjitten. Dêr binne tusken de gemeente en de Oeletoeters ôfspraken oer makke.
Neffens de Oeletoeters heart konfetty by karnaval. Op 1 maart wurdt de optocht troch foar de 38e kear hâlden.