Skier:wurkgroep tsjin wynmûnen

27 jan 2014 - 11:16

In groep ynwenners fan Skiermûntseach hat in wurkgroep oprjochte, dy't yn ferset komt tsjin de gefaren dy't it wiidske útsjoch op it eilân bedriigje. Der binne plannen om op sân kilometer út de kust 150 wynmûnen te bouwen en in ûndersyksplatfoarm foar gasboarrings. De eilanners fine dit ûnakseptabel, omdat it frije útsjoch fan it strân ôf ien fan de wichtichste skaaimerken fan it eilân is en dêrmei in grutte toeristyske trekpleister.

De wurkgroep hat as doel om de befolking te ynformearjen en te mobilisearjen ta aksjes.

De wurkgroep wol tagelyk it opwekken fan skjinne enerzjy op it eilân stimulearje, want se erkenne wol dat enerzjy ûnmisber is. De wurkgroep krijt de stipe fan Natuurmomenten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)