Vaatstra op list gemeenteried

Bauke Vaatstra, heit Marianne Vaatstra © Omrop Fryslân
Bauke Vaatstra komt op de list fan de politike formaasje Lagere Lasten Dantumadiel. De heit fan de fermoarde Marianne is listtriuwer. De Westereender stiet op it 26e plak. De partij hat op it stuit twa sitten yn de gemeenteried.
De list foar de kommende riedsferkiezings wurdt oanfierd troch fraksjefoarsitter Lykele de Boer.