Húslik geweld yn Hurdegaryp

27 jan 2014 - 09:49

In 33-jierrige man út Hurdegaryp is sneintejûn troch de plysje oanhâlden, omdat hy syn frou sa mishannele hie dat se even út de tiid rekke. De frou rekke ferwûne oan de earm en de holle en is nei it sikehûs brocht foar ûndersyk. De plysje besocht mei de man te praten, mar dy reagearre sa agressyf dat besletten waard him oan te hâlden.

De man skopte fan him ôf en rekke in plysje tsjin de knibbel. De plysjeman docht oanjefte fan mishanneling. De fertochte is úteinlik ynsletten foar neier ûndersyk.

Trefwurden: 
Hurdegaryp húslik geweld
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)