Aksje tsjin burokrasy UWV

It platfoarm foar minsken mei in útkearing (FSU) wol mei in stiptheidsaksje de burokrasy fan gemeenten en it UWV hielendal fêstrinne litte. Wa't in útkearing hat, moat earst tastimming hawwe fan de gemeente of it UWV, foardat in freon bygelyks holpen wurde mei yn de tún of by it skjinmeitsjen. It FSU fynt dat de regels dêrfoar fierstente strang binne en stelt no in ultimatum.
It UWV en de gemeenten moatte binnen 14 dagen reagearje, oars folget in stream fan fersiken om tastimming foar ûnbetelle putsjes.
Dêr soene de meiwurkers fan de útkearingsynstânsjes safolle wurk fan krije, dat de regeling net mear út te fieren is. It FSU is fan doel folders út te dielen, om út te lizzen hoe't minsken mei in útkearing meidwaan kinne.
De aksje fan it platfoarm foar minsken mei in útkearing kin mooglik as gefolch hawwe dat útkearings net útbetelle wurde kinne. Dêr warskôget de Feriening fan Fryske Gemeenten foar. De FSU ropt minsken op om foar alle ûnbetelle putsjes tastimming te freegjen by de gemeente of it UWV, omdat se fine dat de regels hieltyd stranger wurde en dat der absurde easken steld wurde. Mei de aksje wolle se de systemen fan gemeenten en UWV fêstrinne litte, mar dat soe der sadwaande ek foar soargje kinne dat it systeem fêstrint en útkearings net mear betelle wurde. De warskôging komt fan wethâlder Houkje Rypstra fan Tytsjerksteradiel. Sy hâldt har foar de feriening fan Fryske gemeentes dwaande mei sosjale saken. Rypstra is der fierder flak foar dat wurkleazen frijwilligerswurk dogge, salang dizze aktiviteiten it oannimmen fan betelle wurk net yn it paad stean.