Snie: Oanriding by Appelskea

26 jan 2014 - 22:54
Foto: R.Koene / Compact Media

Op de N381 tusken de Tilgrupsweg en de ôfslach Bosberg by Appelskea hat sneintejûn troch de glêdens in oanriding west tusken twa persoanenauto's. De bestjoerder fan de iene auto rekke de kontrôle oer it stjoer kwyt en botste tsjin de auto mei oanhinger dy't him yn de mjitte kaam. Hy rekke dêrby ferwûne en moast foar behanneling nei it sikehûs.

De brânwacht fan Appelskea waard oproppen om te helpen by it frijmeitsjen fan de dyk.

Trefwurden: 
ûngelok glêdens snie
(advertinsje)
(advertinsje)