Sâltstruiers wer drok

26 jan 2014 - 22:38

Sâltstruiers en skowers fan Rykswettersteat, de provinsje en ferskate gemeenten binne sneintejûn opnij op 'en paad gongen om de diken frij te meitsjen fan snie. Foar provinsjale wettersteat gie it om 20 ploegen dy't om healwei achten hinne begong binne. Yn it Súdwesten fan Fryslân foel fral wiete snie, healwei gong dat oer yn snie dy't lizzen bleaun. Omdat der mar in bytsje ferkear is, wurdt it sâlt mar min ynriden.

Dêrtroch is it effekt net sa grut. De linen op de diken binne dêrtroch betiden mar dreech, of hielendal net te sjen.

Ferkear moat de snelheid dan ek bot oanpasse. As it nei ienen opklearret, kin de temperatuer sakje. De diken mei dan wol skjin wêze, mar der is wol opnij kâns op glêdens. Op de N381 by Appelskea waard earder op sneintejûn al in ûngelok melden. Sneintemoarn wiene der ek al sa'n 15 gefallen fan blikskea, troch de glêdens. Fral op de A7 en de N31 by Drachten rekken auto's fan de dyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)