Oebele Schokker nei FC Emmen

26 jan 2014 - 17:00

Middenfjilder Oebele Schokker fan SC Cambuur wurdt ferhierd oan FC Emmen. Dat makke direkteur Gerald van den Belt snein bekend. Schokker komt troch de konkurrinsje by Cambuur net oan spyljen ta. Hy hat oanjûn graach mear minuten meitsje te wollen. Dêr hopet er by Emmen gelegenheid ta te krijen. Doel is dat Schokker takom jier wer nei Ljouwert komt.

Oanfaller Alex Christovao mei ek ferhierd wurde, sa joech Van den Belt oan. Foar him is noch gjin klup fûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)