Drege winst Snits Wyt Swart

26 jan 2014 - 16:32

Snits Wyt Swart Boso is der snein mei muoite yn slagge om te winnen fan de nûmer ien-nei-lêst Longa '30. Yn Lichtenvoorde einige de wedstriid foar de ploech fan trainer Johan Groote yn 3-2. De thúsploech naam fan begjin ôf oan brutaal de foarsprong en kaam rap op 2-0. Tjeerd Andringa soarge op slach fan rêst foar de 2-1 tuskenstân. Nei rêst sette Age Hains Boersma de lykmakker op it boerd. Yn in spannende slotfaze sleepte Khalid Yachou úteinlik de trije punten oer de streek.

De ploech fan Johan Groote stiet no op 27 punten út 15 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)