Seis oanhâldings nei wedstriid

De plysje hat seis oanhâldings ferjochte nei de wedstriid Cambuur-Hearrenfean. Twa supporters waarden oanhâlden foar it goaien mei fjoerwurk, twa oaren foar mislediging. De plysje arrestearre fierders in supporter foar fernieling en ien foar it yn besit hawwen fan in bivakmûtse. In bivakmûtse mei yn it stadion net brûkt wurde.
Cambuur wûn de wedstriid mei 3-1. Nei ôfrin waard ek in rút ynsmiten fan ien fan de 9 bussen fan de Hearrenfeansupporters. Dêrfoar hat de plysje noch gjinien oanhâlden, mar de dieder stiet mooglik wol op kamerabylden.