Van Basten: ferfelend ferlies

26 jan 2014 - 16:03

Trainer Marco van Basten bestimpelet it ferlies tsjin SC Cambuur as tige pynlik. 'Verliezen is vervelend, een derby verliezen is extra vervelend', liet er nei ôfrin witte. Neffens Van Basten koe syn ploech gjin fûst meitsje. De rappe iepeningsgoal fan Elvis Manu spile de Ljouwerters boppedat yn de kaart, wêrtroch't Hearrenfean it spul omsmite moast.

De trainer bleau lykwols efters syn kar stean om Chris Kum spylje te litten yn plak fan Kenneth Otigba. 'We waren vandaag gewoon niet alert genoeg.'

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)