De Jouwer ûnderút tsjin Rohda

Hikkesluter De Jouwer hat snein mei 4-0 ferlern fan Rohda Raalte. Op eigen fjild kamen de Jousters nei 17 minuten op efterstân. Krekt foar rêst ferdûbele Rohda Raalte de foarsprong. Fuort nei rêst krige De Jouwer de bêste kâns op de oanslutingstreffer, mar de penalty waard keard. Rohda liet der gjin misferstân oer bestean foar wa't de punten wienen en rûn ienfâldich út nei in romme 4-0 oerwinning.
De ploech fan Wieb Rodenhuis stiet noch altyd op 3 punten út 15 wedstriden.