Wikseltrúk by de kassa

26 jan 2014 - 14:13

By ferskate winkels yn Boalsert is sneon besocht om winkellju fan 50 euro te bestellen. Alle kearen kaam in man fan bûtenlânske komôf by de kassa om wat lyts te keapjen. Hy woe earst betelje mei in briefke fan 50, mar makke dêrnei yn min Nederlânsk en Ingelsk dúdlik dat er dochs oars betelje woe. Yn de betizing dêrnei waard it biljet fan 50 euro by de kassa weinaam, mooglik troch in frou. De man frege dêrnei de 50 euro dy't 'er betelle hie' werom.

It duo hat by seker fiif winkels west. Yn ien is it slagge om 50 euro mei te krijen.

De plysje advisearret winkellju om wach te wêzen op de jildwikselmetoade.

Trefwurden: 
Boalsert kassa wikseltrúk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)