Gjin Kruiswijk en Otigba

Kenneth Otigba © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
Ferdigeners Arnold Kruiswijk en Kenneth Otigba sille net starte yn de basis by SC Hearrenfean. Kruiswijk hat te folle lest fan in blessuere oan de ljisk en hy sil ek net op de bank sitte. Kenneth Otigba is ferrassend troch trainer Marco van Basten passearre. It twatal wurdt ferfongen troch Chris Kum en Ramon Zomer dy't sintraal efteryn stean sille. Fierders gjin ferrassings yn de opstelling fan Hearrenfean.
Van Basten begjint mei Nordfeldt, Dijks, Kum, De Roon, Van den Berg, Ziyech, Zomer, Slagveer, Van Anholt, Basacikoglu en Finnbogason.