Follybalsters muoite mei Weert

26 jan 2014 - 12:02

De follybalsters fan Snits wienen sneon yn in spannende wedstriid mei 3-2 te sterk foar Weert. Yn eigen hal pakten de froulju fan Petra Groenland de earste set mei 25-18. De twadde set gong mei 25-21 nei Weert, wêrnei't de Snitser froulju it spoar efkes bjuster wienen.

De tredde set gong mei 25-16 opnij nei Weert. Yn de fjirde set kamen de Snitsers wer goed by en pakten se de setwinst mei 25-20. Yn de beslissende fyfde set wie it úteinlik de thúsploech dy't mei 15-12 oan de langste ein luts en sa de punten yn eigen hûs hâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)