Soer ferlies LDODK tsjin Dalto

De kuorballers fan LDODK hienen troch it 24-23 ferlies tsjin Dalto in minne sneontejûn. Yn sporthal Koartsweagen op De Gordyk naam LDODK flot in 4-0 foarsprong, mar dêrnei kaam der sân yn de masine. Healwei wiene beide ploegen yn it lykwicht: 12-12. Yn de twadde helte moast de thúsploech hieltyd yn de efterfolging. Dat slagge hast ek noch, mar de punten gongen mei nei Driebergen. André Zwart wie mei tsien treffers de tûkste LDODK'er.