Tatoeaazjefeest yn Romein

25 jan 2014 - 17:00

Tsientallen tatoeleafhawwers kamen ôfrûne wykein nei Poppoadium Romein yn Ljouwert. Dêr is dit wykein de saneamde Stay True Tattooparty. It feest is organisearre fanwege it 30-jierrich jubileum fan Rinto Bekkema út Burgum. Op it feest wie in soad muzyk. Besikers koene in hapke en in drankje krije, mar fansels ek in tatoe sette litte.

It tatoeaazjefeest bestiet út twa saneamde walk-in dagen. Dat hâldt yn dat ûntwerpen fan tatoeaazjes op de muorre te sjen binne, dy't fuortendaliks set wurde kinne.

Der wurde mei-inoar sa'n 1500 besikers ferwachte. Der binne seis tatoeëarders om harren te helpen. Ornaris is der in wachtlist foar it pleatsen fan in tatoeaazje, sa seit Bekkema

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)