2-1 ferlies Drachtster Boys

Drachtster Boys hat sneon mei 2-1 ferlern yn en tsjin Genemuiden. Yn in lykopgeande striid kamen de Drachtsters nei in lyts healoere op efterstân. De thúsploech naam de lieding yn hannen en kaam rap dêrnei op 2-0.
Yn de twadde helte profitearre de ploech fan trainer Fred de Boer optimaal fan in flater yn in weromspylbal fan Genemuiden. Ynfaller Sicco Bouwer tekene mei syn earste balkontakt fuortendaliks foar de oanslutingstreffer. Dêrmei brocht er de spanning werom yn de wedstriid, mar fierder as dy iene treffer kamen de Drachtsters net.
Troch it ferlies bliuwt Drachtster Boys stean op 17 punten út 15 wedstriden.