Nije kursus foar sporttrainers

25 jan 2014 - 12:31

Sportferienings yn Snits begjinne mei it oanbieden fan in gedrachskursus foar trainers. It inisjatyf komt fan Sjoerd Feenstra fan fuotbalferiening Snits Wyt Swart. Hy seit dat trainers goed wite hoe't se bygelyks fuotbaltraining jaan moatte, mar dat se faak net witte hoe't se mei problemen fan jongeren omgean moatte.

Feenstra hat dêrom in kursus fan de sportkoepel NOC*NSF nei Snits ta helle. It is foar it earst dat dizze kursus organissearre wurdt yn Snits. Feenstra wol dat dizze kursus alle jierren yn de winterstop werhelle wurdt.

Trefwurden: 
sportkursus gedrachskursus
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)