Ljouwerter himpkwekerij oprôle

25 jan 2014 - 10:49

Op de Nijbuorren yn Ljouwert hat de plysje freed in himpkwekerij mei 785 planten oantroffen. De stroom waard yllegaal ôftape. De plysje kaam de himpplantaazje op it spoar nei in tip. Yn de wenning wienen gjin minsken op it momint fan de ynfal.

De stroom is ôfsletten en de himp is ferneatige.

Trefwurden: 
himpkwekerij himp
(advertinsje)
(advertinsje)