Litouske fytsedieven oppakt

Twa fytsedieven út Litouwen binne freedtejûn oppakt op de Overstesingel yn Drachten. De manlju rieden yn in auto mei twa fytsen op in fytsedrager, in tredde fyts wie der ôf fallen en sleepte der achter oan.
Doe't de plysje in kontrôle die, die bliken dat minimaal ien fan de fytsen stellen wie. Ek lei der noch in fjirde fyts yn de auto. Alle fytsen binne yn beslach naam.