Maklike winst UNIS Flyers

© Nicolien Sijtsema
De UNIS Flyers ha wolris dregere wedstriden tsjin Herentals út Belgie spile. Op it eigen iis fan Thialf waard in romme 8-2 oerwinning helle. Nei in flotte 2-0 foarsprong fan de Flyers troch Shawn Collymore en Brent Janssen kamen de Belgen dochs op 2-2. Mei twa treffers fan Kevin Bruijsten waard de earste perioade mei 4-2 ôfsletten. Levi Houkes en opnij Bruijsten soargen foar de 6-2 foarsprong nei de twadde perioade en opnij Houkes en Valentijn Bouten foar de einstân. Sneintemiddei spylje de Flyers wer thús. Dordrecht is dan de tsjinstanner.