Ballast Nedam brûkt Friezen

Nij Thialf
Boubedriuw Ballast Nedam wol safolle mooglik Friezen ynsette by de nijbou fan iisstadion Thialf op It Hearrenfean. Dat seit direkteur Bernard Sinnema fan it boubedriuw. Sinnema is sels in Fries om utens en fynt it in ear dat syn bedriuw as winner út de bus kommen is by de foarlopige gunning.
Ballast Nedam is ûnder mear eigener fan de Fryske bedriuwen Haitsma yn Koatstertille en Bouwborg yn Ljouwert.