Finalisten 'De HET' bekend

24 jan 2014 - 21:01

De finalisten fan de Ljouwerter ûndernimmerspriis De Het binne bekend. 'De Het' is in priis dy't bedoeld is foar ûndernimmers mei de bêste nije útgongspunten en ynnovative ideeën út Ljouwert en omjouwing. Yn de kategoary 'jonge ûndernimmers út Ljouwert' binne de bedriuwen Uitleganimatie, Zuivelhoeve en Coffee on Road nominearre.

Foar de kategory 'betûfte ûndernimmers' binne Friks Web en Marketing, Boubedriuw Kolthof út Stiens en MasOutreach Interactieve media nominearre. Mei-inoar 42 ûndernimmers hiene har foar de kompetysje ynskreaun.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)