Hearrenfean wol Lurling werom

Anthony Lurling yn it shirt fan Hearrenfean yn 2001 © ANP
Sportklup Hearrenfean ûndersiket de mooglikheden om Anthony Lurling oan te lûken. De âld-Hearrenfeanspiler spilet op dit stuit by NAC Breda, mar hat dêr rûzje krigen mei de trainer. Neffens manager fuotbalsaken Hans Vonk fan Hearrenfean is der noch neat konkreet, mar ûndersiket Hearrenfean de mooglikheden om de 36-jierrige Lurling wer nei It Hearrenfean te heljen.
Lurling spile earder fan 1999 oant en mei 2002 foar Hearrenfean. Dêrnei ferhuze er nei Feyenoord.