Boer krijt gelyk oer byfuorjen

10 feb 2012 - 12:18

De rjochtbank jout boer Pieter Bouma fan Marrum gelyk yn syn skeel mei It Fryske Gea oer it byfuorjen fan syn fee yn it bûtendykse lân fan it Gea. Neffens de natuerorganisaasje bringt Bouma syn fee te betiid yn it lân wêrtroch't er byfuorje moat. En dat byfuorje soe min wêze foar it natuergebiet en de greidefûgels. De rjochtbank jout Bouma gelyk om't der neat oer dat byfuorjen stiet yn it pachtkontrakt. Neffens Bouma is it krekt goed foar de greidefûgels dat der fee omrint.

Boppedat is hy ferplichte om by te fuorjen at der te min fretten is foar it fee. Hy ferwachtet goed mei It Fryske Gea fierder te kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)