Kruiswijk en Dijks keare werom
Arnold Kruiswijk en Mitchell Dijks keare foar de wedstriid tsjin Cambuur werom yn de basis by Sportklup Hearrenfean. De beide ferdigeners wiene ferline wike tsjin Roda JC noch blessearre. Sy nimme it plak yn fan Ramon Zomer en Chris Kum.
Ek Uche Nwofor komt werom fan in blessuere, mar begjint op de bank. Jukka Raitala is noch net fit.