Fjouwer ynbrekkers oanholden

24 jan 2014 - 14:32

By in wenningynbraak yn de Breitnerstrjitte yn Ljouwert binne tongersdeitemiddei fjouwer manlju oanholden. De 52-jierrige bewenner betrape ien ynbrekker. Der ûntstie in wrakseling wêrby''t de bewenner bedrige waard mei in skroevedraaier. De ynbrekker naaide mei noch trije oare mannen fuort.

In tsjûge seach hoe't de manlju yn in auto fuortriden en notearre it merk en in part fan it kenteken. Efkes letter koe de plysje de auto mei it dievekwartet oanhâlde. De fertochten komme fan bûten Fryslân.

Trefwurden: 
Ljouwert wenningynbraak
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)