Feanster fêst foar oerfallen

24 jan 2014 - 14:27

De plysje hat woansdei in 27-jierrige man út It Hearrenfean oanholden, dy't belutsen wêze soe by de berôving fan twa pizzakoeriers yn Dordrecht en Zwijndrecht yn desimber foarich jier. By de berôving yn Dordrecht waard de besoarger ûnder bedriging fan in fjoerwapen of nepwapen bestellen fan jild, in mobile tillefoan en pizza's. In koerier yn Zwijndracht waard oerfallen by in ôfleveradres, mar fersette him wêrtroch de oerfal mislearre.

De man fan It Hearrenfean bliuwt foareast 14 dagen fêst. De plysje slút meardere oanhâldings net út.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)