Ynbrekker rint tsjin 'e lampe

Ynbraak © ANP XTRA
De plysje hat yn de nacht fan tongersdei op freed in 34-jierrige man út Ljouwert oanholden, dy't besocht yn te brekken yn in wente oan de Bernhardus Bumastrjitte. De bewenners fan it hûs waarden lykwols wekker fan it lawaai dat de ynbrekker by syn dieverij makke. De fertochte naaide út op in fyts, mar koe nei in sykaksje oppakt wurde.