Feiligens fytsers moat better

24 jan 2014 - 13:05

Fryske gemeenten dogge te min oan it ferbetterjen fan de feiligens fan fytsers. It Fytsersbûn ropt gemeenten en politike partijen op wurk te meitsjen fan ûnfeilige situaasjes foar fytsers. Om it tal iensidige fytsûngelokken yn Nederlân te ferminderjen, hat ferkearsminister Schultz van Haegen gemeenten frege in plan fan oanpak te meitsjen.

Neffens it Fytsersbûn hawwe guon Fryske gemeenten dat noch net dien. Ek yn de ferkiezingsprogramma's fan partijen dy't yn maart meidogge oan de gemeenteriedsferkiezings wurdt hjir gjin omtinken oan jûn.

Trefwurden: 
Fytsersbûn fytse
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)